Willehuske

Willehuske - swalkje troch ljouwert lyrics

rate me

<b>swalkje troch ljouwert</b> by <i>Willehúske</i><br />De Prinsetún yn Ljouwert, we sitte drinke bier

We reitsje smoar besopen, mar we hawwe in soard fertier

We folgje dan ús tinzen en rinne nei de stêd

We sykje wat te fretten, want we bin noch lang net sêd

Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee

Langs Griene Wei en Aldehou, nei Nijstêd, V&D

Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee

Ik haw gjin sint om hannen, mar ik sjong oladiee

Ik rin dan oer it Saailân, troch Doelesteech werom

Ik sjoch nei foarbygongers, se sjogge net nei my om

Ik gean dan nei de Foarstreek, dêr stel ik dan in brea

Sûnder kin ik net leve want dan wie ik al lang dea

Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee

Langs Griene Wei en Aldehou, nei Nijstêd, V&D

Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee

Ik haw gjin sint om hannen, mar ik sjong oladiee

Ik rin nei it stasjon ta, lâns it grut kapitaal

Ik ha der neat sykjen want wy bin a-sosjaal

As ik der dan bin, dan gean ik wer werom

Foar in kaartsje ha ‘k gjin jild, dus ik mei net op ‘t perron

Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee

Langs Griene Wei en Aldehou, nei Nijstêd, V&D

Ja we swalkje troch Ljouwert, jipajee

Ik haw gjin sint om hannen, mar ik sjong oladiee

(c) Muziek: S. MacGowan / Tekst: F. Sieswerda

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found