Willehuske

Willehuske - de ko fan sonnema lyrics

rate me

<b>de ko fan sonnema</b> by <i>Willehúske</i><br />Boer Sonnema fan Dokkum dy gie ris nei de merke

Hy kocht in beste ko, in beste ko fan Sterke Jerke

It wie in aardich bistke, it stie fier op ’e skonken

De keap dy waard doe sletten en waard yn ’t kafee beklonken

Moast ris sjen, dab be doe dab be da

De ko fan Sonnema

De ko fan Sonnema hat bearenburch yn ’t jaar

Hja namen gâns wat neutsjes en it waard ek aardich letter

De geastelike tastân fan de man waard ek net better

Hja hiene amper weet fan har bestean op dizze ierde

De fantasij en wierheid koe ’hja net mear ûnderskiede

Moast ris sjen, dab be doe dab be da

De ko fan Sonnema

De ko fan Sonnema hat bearenburch yn ’t jaar

Doe’t Sonnema op hús oangie doe wie it al aardich tsjuster

It paad nei ’t boerespultsje wie der ek al aardich bjuster

Mar hy hie sa’n goede keap dien dat de mist koe him net deare

Hy wreau him yn de hannen ach wat soe it wiif aanst beare

Moast ris sjen, dab be doe dab be da

De ko fan Sonnema

De ko fan Sonnema hat bearenburch yn ’t jaar

Mar it wiif dat skeat de jas oan en se rûn de boer temjitte

Se fûn him yn ‘e daam by ‘t boerespul fan âlde Tjitte

Dêr lei er wat te balten mei it antlit nei de wolken

Hy song myn ko jout bearenburch ynstee fan fette molke

(c) Muziek: traditional (arr. Willehúske) / Tekst: A. Riemersma en S. Riemersma

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found