Roel Slofstra

Roel Slofstra - Suzanne (Leonard Cohen cover) lyrics

rate me

<b>Suzanne (Leonard Cohen cover)</b> by <i>Roel Slofstra</i><br />Suzanne nimt dy mei

nei har wente oan it wetter

Hearst de boaten dy’t foarby gean

yn har earmen fielst de dining

En do witst dat sy moai gek is

Dêrom wolsto by har wêze

En se komt mei tee en passyfrucht

út it fiere fiere Sina

En al soest eins sizze wolle

Ik kin dy gjin leafde skinke

nimt se dy mei op har wjukken

en se lit de weagen sizze

sy wie dyn leafste leafde

En do wolst de reis wol oangean

Blynseach wolsto har wol folgje

En se kin op dy fertrouwe

want do rekkest oan her wêzen mei dyn siel

En Jezus wie in fisker

Doe’t er rún oer it wetter

gunde er him de tiid te skôgjen

fanút syn iens’me houten hichte

En doe’t er wis wie dat noch inkeld

in drinkeling him sjen koe

sei er: Minsken binne seelju

oant de see harren wer frij lit

Mar hy sels wie doe al brutsen

lang foar’t de himel iepengie

Hast breklik, as in minske

sonk hy yn ús djipste witten as in stien

En do wolst de reis wol oangean

Blynseach wolsto him wol folgje

En do wolst him wol fertrouwe

want hy rekket oan dyn wêzen mei syn siel

No nimt Suzanne dyn hân

en se bringt dy nei it wetter

Se draacht bûnte klean en fearren

by de heilssoldaten garre

En de sinne streamt as huning

op de frouwe fan de haven *)

En se wiist dy wêr’sto sjen moatst

tusken ûnrant en de blommen

Asto sjen wolst bin der helden

Bern dy’t boartsje yn de moarntiid

dy't longerje nei de leafde

En dy langst sil altyd bliuwe

wylst Suzanne de spegel foarhâldt

En do doarst de reis wol oangean

Blynseach wolst har wol folgje

En do kinst op har fertrouwe

want sy rekke mei har wezen oan dyn siel

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found