Robbie van Wieren

Robbie van Wieren - Earst nim ik Manhattan (Leonard Cohen cover) lyrics

rate me

<b>Earst nim ik Manhattan (Leonard Cohen cover)</b> by <i>Robbie van Wieren</i><br />Sa’n tweintich drege jierren isolearsel

De lilkens op de ûnmacht makket blyn

Myn tiid is kaam, ik fjochtsje oant ik deafal

Earst nim ik Manhattan, dêrnei komt Berlyn

‘k Wurd oanstjoerd troch in teken fan de goaden

‘k Wurd oanstjoerd troch myn öfkomst fan lang lyn

‘k Wurd oanstjoerd troch in stik as tsien geboaden

Earst nim ik Manhattan, dêrnei komt Berlyn

Wy koenen dochs sa aardich wêze mei elkoar

Do hast dyn sjarme, djoere klean en dyn ferstân

Mar wat streekrjocht fan dy of rydt oer in sydspoar

Dat witsto, dat witsto, dat witsto, dat is dy âlde bân

Oh do fûnst my sa begrutlik,

No binst benaud dat ik winne kin

Do hast de kaai yn dyn hannen,

Mar dyn wjerstân is te min

Ik bin al nachten yn gebed, ’t wurdt tiid dat de reis begjint

Earst nim ik Manhattan, dêrnei komt Berlyn

Dyn moade is it paad al jierren bjuster

Ik hâld net fan dyn drugs yn dizze scene

De wraak is foar watst dien hast mei myn suster

Earst nim ik Manhattan, dêrnei komt Berlyn

Wy koenen dochs sa aardich wêze mei elkoar

Do hast dyn sjarme, djoere klean en dyn ferstân

Mar wat streekrjocht fan dy of rydt oer in sydspoar

Dat witsto, dat witsto, dat witsto, dat is dy âlde bân

Tank noch, foar watsto my destiids bean hast

It kistke, mei fioele en fjoer deryn

Ik brûk it al in skoft, oant ik der stean moat

Earst nim ik Manhattan, dêrnei komt Berlyn

Tink oan my, ik hâld sa fan dyn keunsten

Tink oan my, ik wie dochs wier net min

Mar de striid begûn, no bin ik in meunster

Earst nim ik Manhattan, dêrnei komt Berlyn

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found