Rob De Nijs

Rob De Nijs - Foto fan eartids lyrics

rate me

Hjir haw ik noch in foto fan fier yn `t ferline

As ik der nei sjoch kin `k der sa yn ferdwine

Ik wit noch dat `k fiif waard, de dei fan myn jierdei

De winsk fan myn dreamen, it kado dat heit kocht hie

It skippersklavierke mei kleuren dy`t glommen

Ha ik middeis noch mei nei it sirkus ta nommen

En brandwearman wurde, wat koe `k dêr yn leauwe

Dy dreamen bin fuort, it gefoel sil der bliuwe

Djip yn myn hert ferlang ik faak nei dat bern werom

Bern binne `t leafst gau grut, no dat giet hurd

As my it libben tsjin sit tink ik oan dy tiid

Al waard ik nea dy brandwearman, `k rekke it bern net kwyt

Doe wie alles (sa) dúdlik, gjin soargen, gjin twifels

Fan God kaam it goede en `t kwea fan de Dúvel

De klok oan de muorre hong dêr inkeld foar `t moaie

Ik hie alle tiid om yn `t doarp rûn te skoaien

De see wie in feartsje (fjetsje), myn klomp yn in sleatsje (sljetsje)

En de dea wie net mear as de kat fan muoi Fetsje

De wrâld wie net grutter as de globe fan Tsjitte

Ik koe him mei myn pink om syn as draaie litte

Djip yn myn hert ferlang ik faak nei dat bern werom

Bern binne `t leafst gau grut, no dat giet hurd

As my it libben tsjin sit tink ik oan dy tiid

Al waard ik nea dy kapitein, `k rekke it bern net kwyt

Allinnich of iensum, hoe koe ik dat kinne

Ik hoechde allinnich nei hûs ta te rinnen

Mei in gat yn myn kop en myn broek wer oan flarden

Myn mem wie wol thús, dus wat koe my no barre

As my it libben tsjin sit tink ik oan dy tiid

Al waard ik nea die Grutte Pier, `k rekke it bern net kwyt

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found