Rients Gratema

Rients Gratema - De Bugel Fan Looft Den Heer lyrics

rate me

<b>De Bugel Fan Looft Den Heer</b> by <i>Rients Gratema</i><br />Hy wie sa earm as in lûs

In lytse klint as âldershûs

Wêr`t elke sint in daalder wie

Wêr`t hy tsien broers en susters hie

Wêr`t sels in mûs gjin krommel fûn

Mar by it korps op freedtejûn

Fûn hy syn treast yn de muzyk

Blaasde himsels fan earm ta ryk

Bespile trinten as in fear

De bugel fan Looft den Heer

Hy hie gjin kâns op in bestean

Gjin oare wei as fourt te gean

Nei Kanada, in nij begjin

De tiid wie aldermachtichst min

It doarp begriep it skoan mar sei

Jou him by God syn bugel mei

Dy freugde sil hy nedich ha

Dus fan de boat nei Kanada

Klonk oer de haven heech en klear

De bugel fan Looft den Heer

Hy wraksele op de frjemde grûn

Fan iere moarn ta lette jûn

Mei frjemdfolk, freonen yn de need

Troch winterlân, ûnbidich wreed

Faak sleept`er syn ferwrotten lea

Mei stean en fallen lâns de dea

Mar kaam de maitiid wer werom

Dan klonk oer wetter, wâld en blom

Yn`t lân fan wolf en grizzlybear

De bugel fan Looft den Heer

No is hy âld, hy hat it hân

De sinne skynt yn`t fiere lân

Noch yn de jûn fan syn bestean

Op`t nije hûs, syn wrotterslean

En komme letter op `e jûn

Soms bylden fan syn bertegrûn

En al wat yn`t ferline leit

Dan strielt er mei ynmoedichheid

Syn lytse rykdom fan alear

De bugel fan Looft den Heer

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found