Piter Wilkens - Wer silsto hinne? (it Volvo 740 liet) lyrics
rate me<b>Wêr silsto hinne? (it Volvo 740 liet)</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Hee, wêr silsto hinne?
hee, wêr hinn' silsto?
hee, wêr silsto hinne?
yn ús 740 Volvo
Do woedest noait mei yn sa 'n slide
do hast mei sa 'n wein gjin bân
no stean ik der wat by, beside
't hûs is fol, hee fanke brûk dyn ferstân
Foar dy bliuw ik altyd oan 't ferbouwen
ik wrot my sa in ûngelok
ik bliuw mar oan it hinn' en wer sjouwen
'k kin gjin kant út en ik ha it brândrok
Hee, wêr silsto hinne?
hee, wêr hinn' silsto?
moat ik dan nei de Gamma ta rinne?
sûnder ús 740 Volvo
Hiel IKEA stiet by ús op 'e souder
'k ha de Marktkauf yn 'e bykeuken set
ik krij lêst fan myn hert en myn skouder
dy wein kin hiel wat ha mar ik net
Do bist bekind by alle meubelgiganten
'Sjoch dêr is sy wer fan dy stationcar'
en efter 't stjoer sa tusken potten en planten
bist op 'e dyk ien grut gefaar
Hee, wêr silsto hinne?
hee, wêr hinn' silsto?
'k ha al wer in boufergunning yntsjinne
dus jou werom myn moaie Volvo
myn 740 Volvo
ik wol werom myn moaie Volvo