Piter Wilkens - Trûbadoer lyrics
rate meEartiids brocht er nijs mei in protte sensaasje
wêr't er mar kaam mei syn luit of syn lier
no is hy dekor foar de ferdivedaasje
syn fersterker fersterket de omset fan it bier
Kaam hy yn in herberch: elts hong oan syn lippen
se dronken syn lieten en fregen om mear
se hingje oan de bar no in pilske te wippen
en freegje: dochst dy fan Frank Bauer in kear?
Trûbadoer, dat is tsjintwurdich in hiele toer
trûbadoer, dêr is tsjintwurdich hast neat fan oer
Foar 'mans en in slokje' song hy syn ferhalen
en frege er om sliepplak, dan wie dat net raar
no fret it publyk fan de salm en garnalen
en krôkje se lûder as syn gitaar
En dochs wurdt er frege yn doarpskroech of tinte
al baalt er dat nimmen noch heart nei syn liet
mar ek hy hat in hypoteek op 'e klinte
en dus kin it net oars as dat er hjir stiet
Trûbadoer, it is soms krekt in aventoer
trûbadoer, dat ik hjir stean fyn ik wol stoer
Mar wat der ek bart, wat ik ek fiel
mei ielt op de fingers en ielt op de siel
somtiden 'kwatta', dan wer in rôle drop
kom op, ik wol spylje, dûbeld fel foar de kop
Hy spilet foar earmen, hy spilet foar riken
wat dat oanbelanget feroaret der neat
mar syn manager regelt syn drokke wiken
hy hat sponsors en fans en wurdt subsidieard
Op elk sjongfestivaltsje komt er fanwegen
en karriêreplanning, hy wit hoe't it heart
hy makket CD's as siet men ferlegen
syn clips kin men dellade fan ynternet
Trûbadoer, hy is noch net op syn retoer
trûbadoer, unplugged wie eartiids sûnder snoer
trûbadoer, dy DVD's binne ferrekte djoer
trûbadoer, bin ik net thús dan bin ik on tour
trûbadoer, wy sjonge hjir foar jim fol fjoer
trûbadoer, is it net nei it sin dan dogge wy it oer