Piter Wilkens - Tink oan my lyrics
rate me<b>Tink oan my</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Tink oan my en fal yn sliep
tink oan my en tel de skiep yn it lân
tink oan my en tink oan moarn
dan is alles wer gewoan
Brek dyn harsens net, de kop yn it sân
hast de tiid en der is neat oan 'e hân
fielst dy sweven, 't leven laket dy ta
dy om 't even want do kinst alles ha
Fan 't wylde wetter hasto noch gjin idee
mar do doardest al in hiel ein yn see
wy sochten skulpen en dy nimme wy mei
mar yn de weagen waard dyn sânkastiel wei
Aaist de kninen en it skiep en de geit
do joust de skilen oan de barch dy't der leit
bist net benaud foar gjin hûn en gjin kat
mar fan it hynder skroksto sawat
Nim it libben mar sa as it is
ek al gie der hjoed mei dy alles mis
til net te swier oan al it leed op de wrâld
fiel de waarmte ek al liket it kâld
Wat kin it dy skele wat in oar der fan tinkt
it is wier net alles goud wat der blinkt
want al stiet no dyn wrâld op 'e kop
do bist en bliuwst altyd noch myn leave pop
Fel oer de eagen
kop yn it sân
fel oer de eagen
alles is wer gewoan