Piter Wilkens - Tichter by dy lyrics
rate me<b>Tichter by dy</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Elk jier wer mear grize hierren
elk jier wer in tinnere prúk
en stadichoan troch de jierren
tine wy út, sjoch nei myn búk
Elk jier wer mear yn 'e fâlden
wy wurde der net moaier op
wy wurde fan dy âlden
mar it giet hyltyd better fynst net pop
Tichter by dy, tichter by dy
ik bin wol bûn, mar ik fiel my frij
tichter by dy, tichter by dy
en al wat ik wol is tichte, tichte by dy
Elk jier lear ik dy better kinnen
dêr wurd ik graach wat âlder foar
it begjint tusken ús goed te rinnen
en noch altyd smoar, smoar op elkoar
Ien ding is wis, wy feroarje
mar âlderdom, dêr leau ik net yn
jong fan hert is ús histoarje
en de bûtenkant dat is mar skyn
Elk minsk hat sa syn stribjen
elk minsk wol better en mear
mar wy witte, it ein fan ús libben
komt in kear, da 's samar klear
Dus wêrom dy salve en pillen
fuort mei dy fitness en stress
't hat gjin sin der sa swier oan te tillen
yn de leafde ha wy alle sukses