Piter Wilkens - Sonja en Sieu lyrics
rate me<b>Sonja en Sieu</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Der wienen ris twa susters op in lytse buorkerij
dêr hienen sy ’n kafee en sy molken tritich kij
de iene wie in drysten en de oare wie noch grien
de iene wie bekoarlik en de oar in keinen ien
De iene hite Sonja en de oare hite Sieu
ik hie mei har tegearre ’t aventoerke fan de ieu
ja, no wolle jim graach witte wêr ’t dat pleatske leit
mar dat sil ik net ferklappe, net yn der ivichheid
Ik kaam dêr op myn fytske op in moaie simmerjûn
it wie my inkeld mar om in boarreltsje begûn
ik gie dêr sitten oan ’e bar, mar wat in geriif
want efter de taap seach ik Sonja’s bleate liif
It makke my wat skruten, mar ik pakte myn fioel’
en ik spile doe in polka mei in protte gefoel
Sonja dûnse en al gau kaam Sieu der by
mei in roas tusken har boarsten en dy roas dy wie
foar my
De froulju waarden wyld, krigen nea har gerak
sy woenen my dêr ha te helpen by har twadde tak
‘Bliuw by ús leave jonge’, frege Sieu mei gleone stim
en ik tocht: ‘Ik leau dat ik noch mar in slokje nim’
Op in bêd fan roazen sliep ik no elke moarn
en troch Sonja en troch Sieu wurdt ik de hiele
dei bedoarn
ik spylje alle jûnen by harren yn ’e kroech
wy ha in soad sukses en ik stean ek noait mear droech