Piter Wilkens - Skip mei jild (de Strusfugel fan Douwe Aukes) lyrics
rate me<b>Skip mei jild (de Strúsfûgel fan Douwe Aukes)</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />De weagen binne heech, de oseaan is wiid, jild moat rôlje, rôlje skip mei jild
en Douwe Aukes is de held yn elke striid, jild moat rôlje, rôlje skip mei jild
Portugees en Ingelskman rin nei jim moer
en lit foar ús mar al it jild as wetter oer
rôlje, rôlje, jild moat rôlje, rôlje skip mei jild
Wy ha geweren en kanonnen by de rûs
en bringe rys en speserijen mei nei hûs
gjin see is ús te wyld, gjin inkeld aventoer
oan board!, en far mei ús it jild as wetter oer
Oranje, blanje, bleu, foar eare, folk en lân
de keapfardij dat is in maatskippij fan stân
gruts en fier en from sa steane wy oan 't roer
mei folle seilen hup, it jild as wetter oer
Wy drinke bier en brandewyn, en wat mar gjest
tsjin skiterij en goalera, skuorbot en pest
it fretten like pikelich, sitroen is soer
it falt net altyd ta, it jild as wetter oer
De V.O.C. betellet net nei elke reis
dus moatte wy wat dievje earne ûnderweis
yn elke haven feest, op elke kaai in hoer
al rôvjend farre wy it jild as wetter oer
Wy sjitte en wy stekke en wy fjochtsje braaf
de Afrikaan en Indiër binn' dea as slaaf
al binn' sy noch sa tûk wy hâlde it bestjoer
der bliuwt fan hiel de Oriënt gjin bliksem oer