Piter Wilkens - Sa gewoan lyrics
rate me<b>Sa gewoan</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Hy is sa goed, nee, hy is better
en ja, hy komt faak ek wat letter as de rest
ik wit jo moatte net oerdriuwe
mar ik wol der wol by bliuwe, hy is de bêste
En hy hat der ek gjin wurk fan
fergelykje dat mei my dan bin ik slûch
hy is fluch en hiel direkt
en dochs komt it him wol krekt, hy is net sa rûch
Mar wat ik sa bysûnder fyn
sûnder gedonder, sûnder skyn
hy is sa suver en hy is sa ûnbedoarn
ik snap net hoe't er it hat
stjerrend wier, it is apart
want hy bliuwt sa, net te leauwen, sa gewoan
It is net normaal mear, sa gewoan
troch heit en mem fêst nea bedoarn
o sa beskieden en hy praat mei alle minsken
sawat net moai mear, sa gewoan
en ek sa suver noch fan toan
mei nocht foldocht er altyd wer oan alle winsken
Hy hat ek eartiids alles kind
it is in algemien talint, fenominaal
stiet foar de oaren altyd klear
is ek in hear yn it petear en sa sosjaal
Miskien sjit ik wol wat tekoart
ik wit wier net hoe't er it hat
ik jou ta, ik wol him leaver mije
want ik fyn him yrritant
fierste gewoan doocht fan gjin kant
út 'e ploai, dat is moai, dat mei ik lije
Ik spylje it aldermoaist gitaar
ik pluk ek mannich teare snaar, dat is bysûnder
ik sjong it alderheechste liet
en ek al sjong ik noch sa swiet, it bliuwt in wûnder
Mar wy ha ús part wol leard
swetse en sweare is ferkeard
wy binne op alle fronten suver ûnbedoarn
al liket it hiel wat
it is net mear as dit of dat
en wy bliuwe, sa net te leauwen, sa gewoan