Piter Wilkens - Pomperipossa Samba lyrics
rate me<b>Pomperipossa Samba</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Fan jannewaris oant april
leit yn Fryslân praktysk alles stil
as it kwakkelet de hiele dei
en it aaisykjen net mear mei
Boargers, hear nei wat ik sjong
Pomperipossa is oan ’e gong
sy stokelet stikem foar it regear
foar har Pomperipossa-hear!
Fan lytse, lytse fonkjes
komt gau ris in grut fjoer
Pomperipossa strúnt troch Fryslân
oan it Pomperipossa-roer
Se hat nije pompeuze klean
in snedich antwurdapparaat
se pronket mei nije preal
mei nij Pomperipossa-praat
Bêste boargers, de kop der by
lit har net tinke dat it wat wurdt
wês op jim iepenst it hiele jier
foar al dy Pomperipossa-brut