Piter Wilkens - Pleatsen yn de bran lyrics
rate me<b>Pleatsen yn de brân</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Neat is bliuwend, alles stjert
alles feroaret, lang om let
keapje in kaartsje, mis it net
ja stap op de trein, de trein
Hyltyd mear, hyltyd grutter
hyltyd foller, hyltyd hurder
betink wetten, ferdraai wurden
en stap op de trein, sûnder ein
Wat is goed, wat ferkeard
wat is de priis, wat ha wy leard
nee gjin minske dy't it gefaarte keart
de wolfeartstrein, wêr is de ein
Al wat ik sjoch binne pleatsen yn 'e brân
as teken fan feroarings yn dit lân
slaan wy alles samar oer de hân
fersmite wy ús eigen boerestân
Ienris wie de boer baas hjir
de grutte as fan ús mienskip
wy spylje no in raar spultsje mei him
hy ferliest hyltyd mear terrein
Wy ha de takomst hjir yn hannen
jeie mei prachtige plannen
oer âlde terpen en fruchtbere lannen
oan ferfleine tiden komt foargoed in ein
Gjin tiid foar minsklikens en natoer
mei de romantyk is it al lang oer
dongkwotum, twadde tak en automatisearring
ruilferkaveling, megaparken, sanearring
projektûntwikkelders, nijbouwiken
rekreaasje, G.A.T.T.-akkoart, autodiken
fan wetter lân, fan lân wer wetter
polityk hartstikke knetter