Piter Wilkens - Opel Manta lyrics
rate me<b>Opel Manta</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Hee Jolanda dit is myn plan
we geane nei't strân, wat seist der fan
doch net sa kein, lit dizze kâns net rinne
dan sykje we in plakje ûnder de sinne
'k ha efter yn 'e wein wat blikjes bier
en de motor rint wer as in liere
't is no noch rom, dus sis net: "Nee!"
ja we nimme sa in dûk yn see
mar foar it sa fier is myn fanka
"We're gonna make love yn myn Opel-Manta"
O, Jolanda jild ha'k skoan
fakânsjebonnen, it garret aardich oan
ik fiel my goed en ik fiel my ryk
ja we ride sa oer de ôfslútdyk
of giesto leaver nei de Lytse Far
my ek bêst do seist it mar
Hee Jolanda net frije efter it stjoer
mar se sei: "Ammehoela!" en ik joech my oer
dat grapke kaam my djoer te stean
ik moast mei de plysje nei 't buro ta gean
se namen alles fan my ôf
en Jolanda sei: "No goeie" en ik wist genôch
it strân wie rom mar dat is passé
net ik mar myn plannen lizze no yn see
ja, it noeget út en it is pikanta
mar: "Never make love yn in Opel-Manta".