Piter Wilkens - Omrop Fryslan tv lyrics
rate me<b>Omrop Fryslân tv</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Sjoch ik dêr samar ús Jeltsje, sy hat noch dy golbliere snút
sy stiet by it riden te razen, no ik doch de tv net mear út
yn elke herhelling in glimke fan har read-, wyt- en blau ferve hier
dat riden dan kin my neat skele, mar Jel is by ús oer de flier
It sei my earst noait wat dat kastsje, mar de frou hat dat ding altyd oan
en op in dei doe 't ik thús wie, bleau ik mar sitten, gewoan
Is 't net in prachtich idee, ik kom net mear fan it stee
wêrom soe ik der út, 'k jou skoanmem no sa wol in tút
ek Siebe en Gabe en Germ, sy komme fansels op it skerm
de hiele dei sit ik ree foar Omrop Fryslân tv
Sjoch ik dêr samar ús Gabe, jonge hoe is it my dy
hoe lang is 't net lyn dat wy praten, it is krekt as hast it tsjin my
wacht even dan sil ik dy tape, want video dat ha wy ek
no kin ik it faaks ek noch brûke en ik sjoch dy a'k wol sa tebek
Fryslân by ús yn 'e keamer, fan moarns ier oant jûns let, 't is in lust
no sit ik ek sels foar de byldbuis, mar ik sjoch, dat is wis, hiel bewust
Sjoch ik dêr samar ús Gerben hy wurket no by 't Wetterskip
en yn 'e seal by Tryater, sit Siebe mei Oebele's Sip
no wat gesellich famylje, sa komme jim dochs noch ris del
en ik hoech net mei kofje te rinnen, en ik bin jim wer kwyt yn in tel
Al dy stjoerders, sy bringe itselde, soaps en seks en geweld
en it nijs út 'e wrâld wol 'k net sjen want ik wit wol dêr is 't min mei steld