Piter Wilkens - Oeral op 'e wrald lyrics
rate me<b>Oeral op 'e wrâld</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Sy fleane oeral hinne, it skouke op it dak
mei borgers, Bijke en bearenburch yn 'e efterbak
sy betelje 't leafst yn Friso 's, alles is in sûvenir
as 't mar net tefolle kosset, nee dan keapje sy wol bier
In read ferbaarnde harsens, pompeblêdepet der op
en oars wol te herkennen, oan it gesûp en it gerop
mei skonken wyt as kryt, lâns de Mediterranee
mar moatt''e klompen út, no dan sjochst sy net yn see
Sjinezen binne grut yn tal, Egypte is hiel âld
mar Friezen komm' je oeral tsjin, oeral op 'e wrâld
oeral op 'e wrâld
Sy fleane oeral hinne, al hiel wat ieuwen lang
en binne just om utens, sjauvinist mei sang en klang
sy sjonge de 'Alde Friezen', oeral, skik noch roai
mar kinne net de titel en fine ien koeplet al moai
'It bêste lân fan d' ierde', is in efterôf stik slyk
mar it hâld har wakker dwaande en sy fin' harsels unyk
sy sille harren warre, yn 'e wapens mei Star-Wars
de frisianisaasje: Marsum, moanne, Mars!
Sy binn' goed yn frjemde talen mar ha harren eigen noait goed leard
sy ha noch nea in kriich wûn, mar sjoch hoe't it marsjeard
sakeman, toerist, ûntwikk'lingshelper, sporter, boer
it grutte Fryske leger, it fljocht de hiele ierde oer