Piter Wilkens - Moeke's koek-en-sopykream lyrics
rate me<b>Moeke's koek-en-sopykream</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />It iis is hurd, it iis is tsjok
de wyn is kâld, op 'e feart is 't drok
gjin minske sit noch binnen doar
it sil echt heve, ja wy gean der foar
en ja sy hat har hapkes klear
de kofje brún en it sop wer gear
nee dizze tocht kin net bestean
sûnder moeke's koek-en-sopykream
Moeke's koek-en-sopykream
is dêr't ik altyd hinne gean
(dêr bliuw ik de hiele winter stean)
Moeke's koek-en-sopykream, it is in dream, o ja
De boargemaster en de keningin
proaste wakker, ha 't sa nei 't sin
sels Heinze Bakker sjocht wat gleon
hat stikem fan de bearenburch preaun
fan 't riden sjocht ek Smeets gjin sprút
mei al dy kroketten yn 'e snút
sels de wedstrydriders bliuwe stean
by Moeke's koek-en-sopykream
Sy hat poeiermolke en waarme woarst
har cake en koeke meisto perfoast
patat en popcorn, tee en bier
sy makket sa'n tocht minder swier
by har fynt elts grif syn gerak
jong en âld kin dêr te plak
en wy hâlde ek noch droege klean
by Moeke's koek-en-sopykream
It iis wurdt tin, it iis wurdt wiet
it is elke kear wer in hiele striid
de lêste riders komme oer de streep
en helje noch gau by har in reep
dan pakt sy op, gau op'e wâl
sy hat it rêden, it gie wer mâl
mar ja wat wol je, hiel it lân wol stean
by Moeke's koek-en-sopykream