Piter Wilkens - Metaaldetektors lyrics
rate me<b>Metaaldetektors</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Dieven strune oer it fjild
sykje, stelle, pikke jild
sy dogge 't skjin, sy dogge 't hurd
yn groppe, bou- as wetterput
stop gjin sinten yn 'e grûn
al wat fan dy is, wurdt wol fûn
sy komme hyltyd tichterby
tink derom, aanst ha sy dy
Strûpers oeral oan 'e haal
sitte klear foar elk signaal
dempte sleatten, âlde kij
oer de harsis, wer opnij
sy grave hjir, sy spitte dêr
überal en everywhere
sy komme hyltyd tichterby
tink derom, aanst ha sy dy
Ik bin ek hiel nijsgjirrich ja
'k wol alles witte, alles ha
dus kocht ik ek sa 'n apparaat
dei en nacht bin ik op 'en paad
sa fûn ik krekt by Earnewâld
in detektor fan in pear jier âld
grimitich sei it ding tsjin my:
'It is te let, no ha ik dy'
Likepikkers op 'e dyk
op lân en strân en op it slyk
grut yn tal, sterk en dreech
sy rôvje tsjerkehôven leech
sy dolle yn myn holle om
myn liif, net mear myn eigendom
myn hert, myn siel, komt noait mear frij
sjoch mar út, aanst ha sy dy