Piter Wilkens - Mercedes-Benz lyrics
rate me<b>Mercedes-Benz</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />'t Is net te leauwen mar ik ryd Mercedes-Benz
en ik haatsje no de Peugeots en Citroëns
jim ha faaks tocht: "Hy rêdt it net,
hy komt net fierder as in Kadett"
mar hjir bin ik minsken yn myn Mercedes-Benz
't Is net te leauwen mar wat in kommentaar
jim kin't net ha en dogge dêrom raar
mar elke man wol yn syn hert,
in grutte wein, ja ier as let
tink der mar om ik parkear no op't trottoir
O wat in romte, o wat in lûd
sjoch ik dat stjerke dan fiel ik my goed
en ik laitsje om Japanners en sa mear
want ik hear ta de elite fan 't ferkear
Wêr moast ik hinne mei al dat jild fan de muzyk
want ik bin sa stadichoan ek wol smoarryk
mar yn oanskaf kostet er neat
en fan de belesting ha'k nea heard
oan'e kant, ik bin baas op'e dyk
O al myn dreamen se kamen út
Efter't stjoer genietsje ik elke minút
en deis set ik 'm by my foar de wente
ja dan kin ik der de hiele dei nei sjen
't Is net te leauwen mar ik ryd Mercedes-Benz
dat docht it better by de froulju en de fans
ik wol foar nimmen oan'e kant
foar gjin D.A.F., foar gjin . . . Trabant
no friends, oant sjen . . . s, see you next time,
yn myn Mercedes Benz