Piter Wilkens

Piter Wilkens - mem har pop lyrics

rate me

<b>mem har pop</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Op de legere skoalle wie ik al sa ferlegen

Ik kaam altyd mei wat skruten efteroan

Fan kattekwea doarst ik net iens te tinken

'k Wie al benaud as master spruts op strenge toan

Ik koe net leare, ik koe net sporte, ik hie gjin freontsjes,

De grutste slappeling dy koe my slaan

Mar thús by mem fielde ik my in keardel

Thús by mem koe ik de moaiste spultsjes dwaan

Ik bin in siel, in sloarm, in tomkesobber,

In snotnoas, weak en tear en slop

In suertsje, in seur, in sûch, in suffert, sêft en slûch

Mar altyd mem har pop

Fjin inkelde frou wol mei my troch it libben

Omdat ús mem der altyd tusken sit

En boppedat wit ik net iens wat ik dwaan moat

As de frou in kwetsje it oan my oerlit

It libben is hurd, mar stadichoan wurdt ik flinker

Want ús mem, sy lit my no wat frij

Myn jongere broerke is krekt trijentritich

En hy nimt in hûd fol wurk no oer fan my

(c) Piter Wilkins

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found