Piter Wilkens - Mei de klompen yn it spul lyrics
rate me<b>Mei de klompen yn it spul</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />It is sa noflik oan 'e fuotten
dy bliuwe lekker waarm en droech
om yn de tún op om te wrotten
of klinkertklossend nei de kroech
de measte minsken op 'e strjitte
dy fine dat mar flauwekul
no ja, dat moatt' se sels mar witte
mar wy komme oeral graach mei de klompen yn it spul
It is foar de measten wol wat wennen
en oaren laitsje harren slop
mar leaver klompen om 'e teannen
dan sa'n planke foar de kop
in strakke strik is yn de moade
en sûnder skuon dan stiest foar lul
wy ha de moade foar de kroade
want wy komme oeral graach mei de klompen yn it spul
Soms binne wy dronken
fan bearenburch en wyn
wy sitte der faak njonken
en binne in bytsje blyn
al ha wy hurde bonken
wy binne sêft as in knyn
mei klompen oan 'e skonken
wy batse oeral yn!
Al sit de wrâld fol pommeranten
wy lûke ús der neat fan oan
en sjoernalisten fan de kranten
ha it by ús allang bedoarn
hoe serieus de lju ek binne
al is de sfear fier ûnder nul
wy batse oeral dwers trochhinne
want wy komme oeral graach mei de klompen yn it spul
Lakskuon lyk as spegels
en trijedielich griis
regels binne regels
wy bliuwe eigenwiis
aftershavers stjonke
wy hâlde net fan skyn
mei klompen oan 'e skonken
wy batse oeral yn!
Guon stappe kreas oer alle kûlen
en passe harren oeral oan
sy prate elk wol nei de mûle
mar minsken, is dat no gewoan
wy hawwe ús hert foar op 'e tonge
al fynt in oar dat mar gebrul
wy piipje sa't de âlden songen
want wy komme oeral graach mei de klompen yn it spul