Piter Wilkens - Marsum yn 'e rein lyrics
rate me<b>Marsum yn 'e rein</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />It reint yn Rotterdam en Grins, Tilburg, Maastricht
it liket mâl oer hiel it lân, de loft sit ticht
'k jow noait sa'n soad om't waar, buien driuwe oer
mar it docht my blykber folle mear, der leit wat op'e loer
Oan de oare kant fan'e wrâld binn' minsken, te fier fan ús of
do woest der hinne, do soest se helpe, do hiest know-how genôch
no sitst dêr tusken in frjemd folk, efter idealen oan flein
in hiele "ervaring" en altyd better as Marsum yn 'e rein
mar hoe doarden wy ea ôf te jaan op Marsum yn 'e rein
Wy hawwe hielwat ôfseurd tegearre, altyd dreech yn petear
en ik seach altyd sa by dy op en no noch folle mear
no skriuw ik dy in brief, 'k ha noch safolle net sein
'k wit seker do silst noch faak ris tinke oan Marsum yn 'e rein
it allerbêste mar kom gau werom nei Marsum yn 'e rein
Neat is sa tryst en griis as Marsum yn 'e rein
Neat is sa tryst en griis as Marsum yn 'e rein
Neat is sa tryst en griis as Marsum yn 'e rein
Neat is sa tryst en griis as Marsum yn 'e rein