Piter Wilkens - Lit jim gean Friezen lyrics
rate me<b>Lit jim gean Friezen</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Wy Friezen spatte eins amper út 'e bân
wy binn' bekend as 't folk fan 'tuike, tuike oan'
ús ja is ja, ús nee is nee, en as sy freegje: hoe is 't mei dy
dan koe it wol minder en dat is al better as gewoan
in Fries allinnich rekket nearne fan oerstjoer
ek al brânt der yn him noch sa'n hillich fjoer
mar binne wy mear as mei ús trijen, binne wy net mear stil te krijen
leit de massa-hystery fuort op de loer
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
bliuw net sitten, stive Friezen, jim moatte stean
jim moatte roppe, raze en balte, krekt as binne jim net al te al te
lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Nei twa kear nachtfroast wol de Hollanner der foar
hy ropt om 't hurdst: 'De tocht der tochten, die gaat door'
mar wy Friezen witte better, iis is samar ek wer wetter
en dus hâlde wy de kiezzen op elkoar
mar hearre wy Henk Kroes dan sizzen: 'It giet oan'
ferlieze al dy nochtere Friezen har ferstân
mei op de kop in Unox-petsje en by elk beferzen sleatsje
stean' de kampioenen fan it ûnferstân
En bliuwt it winters alle nachten boppe nul
dan gau nei Tsjalf op it Hearrenfean mei it hiele spul
nei Tony, Ids en rappe Rintsje, oe wat in kontsje hat dat fintsje
it giet hjir om goud, nee dit is echt gjin flauwekul
en al is ús pake fiifensantich jier
de harsens read-wyt-blau, hy fervet sels it hier
en giet de wave dan oer de banken, kin ús pake hast wol janke
mar hy wavet mei, al docht it sear, ja stjerrend wier
En yn dat stadion dat nei ús Abe is ferneamd
heart elke fuotbalgek dochs út syn dak te gean
mar ik hear amper minsken sjongen, se koene wol lêst ha fan de longen
binne dit no werklik wol de fans fan it Hearrenfean
earst as it goed giet, fielt de Fries him dan ferbûn
klinkt yn De Kuip it Frysk folksliet sels yn 't rûn
en al snapt gjin spiler wat wy roppe, wy sjonge troch, dan mar foar Foppe
wy hâlde fol, al wurde wy noait ris kampioen
Doede koarsang en kontrabas Gurbe haadsang en gitaar
Jaap koarsang en gitaar Piter koarsang en banjo