Piter Wilkens - Libje dyn libben goed lyrics
rate me<b>Libje dyn libben goed</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Juster hat west en tink net oan moarn
libje dyn libben hjoed
gjin dei wurdt ferpest, gjin dei is gewoan
libje dyn libben goed
Gelok sit dochs yn ûnferwachte dingen
net yn status en yn skyn, djoere gouden ringen
Wês bliid mei watst hast en fiel dat as goed
libje dyn libben hjoed, libje dyn libben goed
It hat wier gjin sin en sparje foar letter
en sko it gelok mar wer fier foar dy út
en hieltyd mar tinke: aanst wurdt it better
foar hjoed en foar no jout dat gjin sprút
Genietsje derfan, al falt dat net ta
sjong mei mei dit liet, wy kinne wol wat ha
Wês net sa benaud ris út 'e bân te springen
je moatte al sa'n soad, it hâldt je yn 'e stringen
Besykje it no, it fielt o sa goed
Libje dyn libben hjoed, libje dyn libben goed
wês bliid mei watst hast en fiel dat as goed
libje dyn libben hjoed, libje dyn libben goed
Elts tinkt fan himsels wy wurde wol tachtich
dan ha 'k it oan tiid, mei 't wurk bin ik dan klear
'k ferkeapje de boel, en op reis, wakker prachtich
mar foardatst it witst dan kin 't al net mear