Piter Wilkens - Kykjeflap lyrics
rate me<b>Kykjeflap</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Spitich is it al, want ja ik wist fan neat, mar gean foaral jo eigen gong
ik ha myn âlde kloftke oan en bin net skeard, en ik lykje sa net mear sa jong
Aanst lis ik yn in badsje en bin ik fikseard, moat ik my mar oan jo oerjaan
foar ivich kom ik no op de gefoelige plaat, dus lit my my op myn bêst foardwaan
Binn' jo fan de parse as is dit privee, kom ik yn it ryksarchyf
faaks helje ik noch gau in kamke troch it hier, fergrutsje jo it negatyf
Och meitsj' ek mar in foto fan in moai portret, leafst net yn al te objektive sin
faaks hingje ik by de neiteam boppe oan 'e wand, dus retûzjeer myn ûnderkin
Kykjeflap, binn' jo no fotograaf , kykjeflap, no dan bin ik jo slaaf
kykjeflap, wy boartsje foar de grap, kykjeflap, kykjeflap, kykjeflap
De wrâld fan ljocht en skaad it jout in perspektyf, dus digerje mar troch jo lins
dit medium ûntjout stil it ûntwikkeljen en siz my, sjogge jo ek noch in grins
Dat giet fan flap en flits en klik en blits en sa, wol tûzen poazes op in dei
it is nijsgjirrich al dy oandacht as model, 'k leau dat 'k my sa wol lije mei
Kykjeflap, al wer dy fotograaf, kykjeflap, ik ûndergean it braaf
kykjeflap, hoe wolle jo it ha, kykjeflap, ik sjoch nei 't fûgeltsje ja
kykjeflap, in fakman is 't ferskil, kykjeflap, dan sit ik wol stil
kykjeflap, ik fyn jo dogg' it knap, kykjeflap, kykjeflap, kykjeflap
Kykjeflap, dêr is de fotograaf, kykjeflap, sjoch hoe 't ik foar jo draaf
kykjeflap, ik pas wol yn dy rol, kykjeflap, dit woe ik altyd al
kykjeflap, ik bin fotosjenyk, kykjeflap, sa wurd' wy beide ryk
kykjeflap, faaks ek noch wol beromd, kykjeflap, as 't yn 'e krante komt
kykjeflap, in reportaazje faaks, kykjeflap, jo binn' altyd sa waaks
kykjeflap, mei 'k mei de doka yn, kykjeflap, want wier it baarnt my yn
kykjeflap, jo binn' in wiere freon, kykjeflap, nee dat is net oerdreaun
kykjeflap, it libben is in grap, kykjeflap, kykjeflap, kykjeflap
kykjeflap, kykjeflap, kykjeflap!