Piter Wilkens - knoopkes lyrics
rate me<b>knoopkes</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Fjirtjin wiene wy of fyftjin
Âlder ha wy grif net west
Do wiest by jim omke en muoike
'k wit it allegear noch bêst
It wie simmer en ik fytste
Hieltyd jim hûs foarby
Do siest in 'e tún en lakest
Ik wie stapelgek op dy
Hiest in bloeske oan mei knoopkes
15 knoopkes lyts en blau
Knoopke 1, ferlegen prebeare ik wat út
Knoopke 2, do joechts my samar in tút
Knoopke 3, ik hie it suver hast net mear
Mar by 't fjirde moast ik wachtsje oan't de oare kear
Hiest in bloeske oan mei knoopkes
15 knoopkes lyts en blau
Jûns dan wiene wy tegearre
Wat wie it spannend elke kear
Stikem stadich justjes fierder
Elke jûn in knoopke mear
En ik fielde my sa lokkich
En ik wie sa wiis mei dy
Do liest my mar wat piele
Oh de tiid dy fleach foarby
Knoopke 5, foarsichtig naam ik de tried wer op
Knoopke 6, do wiest myn eigen leave pop
Knoopke 7, ik hie it suver hast net mear
Mar by 't achtste moast ik wachtsje oan't de oare kear
Doe't jim omke ús trapearre
Wie ús aventoer foarby
Tolve fan de fyftjin
Fierder bin ik net kaam by dy
Knoopke 9, ik aaide eefkes troch dyn hier
Knoopke 10, noch nea gie ik mei dy safier
Knoopke 11, ik hie it suver hast net mear
Mar nei 't tolfde kaam der noait mear in oare kear
(c) Piter Wilkins