Piter Wilkens - Keatsbal lyrics
rate me<b>Keatsbal</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Sûnder my wurdt der gjin keats mear lein
sûnder my komt oan dit spul gjin ein
sy sykje en sy sykje, ik lis hjir yn de sleat
sy ha my wer it fjild útslein
Ik bin wêr't it hjir eins om draait
der wurdt om my flokt en mei my paaid
sa wurdt der op my flibe, sa lis ik yn it gers
ik flean dêr't elk my hinne faait
Ik bin in keatsbal, dea, kâld en dom
slaan my ris op en wer werom
ik bin in keatsbal, ik flean yn 't rûn
heech yn'e loft en oer de grûn
ik bin in keatsbal, wa hâldt my tsjin
is der hjir ien dy't my reitsje kin
Ik ha sels nea yn'e krânsen stien
do meist tinke: "Wat is dat gemien"
ik krij allinne hurde klappen, mar och wat moat ik oars
ik ha noch nea in bliksem dien
Do betellest faaks in hiel bedrach
om te sjen nei't hinne en wer geslach
yn Frjentsjer en yn Wommels bin ik fan de partij
as pripper of as boppeslach