Piter Wilkens - Jou de run in raam (liet foar it Frysk damjen) lyrics
rate me<b>Jou de rún in raam (liet foar it Frysk damjen)</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Ik skow mar wat nei lofts en ik skow mar wat nei rjochts
soms doch ik wer wat stoms en soms doch ik wat trochtochts
ik stoarje oer it boerd, wat stean ik wer beroerd
ik ha noch mar ien skiif en sy in stik as fiif
Tweintich houtsjes wyt en tweintich houtsjes swart
foar de rún lâns is in start, ja it is in sport apart
sy komme oeral wei, sa 'n moaie dammersdei
elke klup mei man en miich, soarget foar in wiere kriich
Helje 'n wolf, slaan nei daam, 't oerhoeks binn 'k nea ta kaam
mar ik ha benul fan it Fryske spul, en it is wol sa foarnaam
slaan rjochtút, slaan oerdwers, ik sjong inkeld mar dit fers
gjin flauwe kul, it Fryske spul, en ik jou de rún in raam
Ferlies as kamp as winst, betink ast der mei begjinst
dan giest yn 'e lange tsjinst, omdatst neat oars mear kinst
elke set, elke partij, spilest hyltyd wer opp'nij
it hat dy yn 'e macht, elke dei en elke nacht
It hat sa 'n eigen sfear, der wurdt spile foar de ear
en ik bin alwer klear, ja ferlieze docht wol sear
dit spul dat ik soms haat, 't is myn fijân en myn maat
no sit ik yn 'e kroech en topsport makket droech
Der is altyd wol wat tiid, by wat ik sil en wat ik doch
nei de kapper, nei 't wurk, efkes tusken 't melken troch
ik nim it altyd mei, yn de bus en yn de trein
nei de winkel, nei de Turk, nei 't kafee yn Easterein