Piter Wilkens

Piter Wilkens - IT FUGELTSJE YN MYN GITAAR lyrics

rate me

<b>IT FÛGELTSJE YN MYN GITAAR</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Der sit in fûgeltsje yn myn gitaar

ik neam him sa sljochtwei mar Knilles

en as er mar sykhellet, klinkt der in snaar

dan ha ’k wer in ferske en miskien is it raar

mar ik leau dat Knilles nea stil is

Der sit in frommeske ûnder myn hier

sy kin al myn tinzen hast lêze

en as ik mar harkje, dan wurdt sy al blier

sy dûnset en laket en hat sa’n plezier

ja, ’t moat wol in froufamke wêze

In hiel moai famke yn ’t moanneljocht

dêr woe ik sa graach fan sjonge

sy is as sulver, sy glimket oprjocht

ik glimkje werom as sy nei my sjocht

en ik fiel my wer efkes in jonge

Der sit in kweajonge djip yn myn bloed

besykje syn liet net te kearen

hy sjongt foar Knilles, hy hat altyd moed

wa’t wol kin it hearre, dat harkje mar goed

tankewol dames en hearen

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found