Piter Wilkens - it fugelbekfers lyrics
rate me<b>it fûgelbekfers</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Mei 'k jo wat freegje, sis my is it wier
Kom ik hjir wer en faaks as in dier
It wol my net oan en ik krij it te kwea
As ik tink oan myn libben aanst nei de dea
Ik wol my wol skikke as hûn of as do
As bolle, as hynst, as't moat sels als ko
Mar 't hert stie my stil, in skande dat is 't
Hjoed seach ik yn Artis in fûgelbekbist
It leafst bliuw ik yn Fryslân mei sjonge as wurk
Dan tink ik al gau oan in lyster of ljurk
In aard is in aard en jo bliuwe dochs gast
Yn it liif fan in oar dat net by dy past
Lit my oars swimme as in dolfyn
Ik wol sels wol libje as knyn of as swyn
Mar ik bin dochs een minsk en ik wol nee beslist
Noait fan myn libben yn in fûgelbekbist
Want in fûgelbekbist is lilk en dom
As fûgelbekbist wol ik net werom
Als ik tink oan dat mûnster dan wurd ik al kjel
Dan baarn ik noch leaver yn it fjoer fan de hel
Nim gau in beslút, jo witte ik wurd ald
Tasmanie, dat is de ein fan de wrâld
En ik wol ek net nei Artis, yn in hok as ik koai
En ik fret wier gjin wjirms, godskes wat in alloai
Sa'n primityf wêzen, da's neat foar my
Hiel de evolúsje ging oan se foarby
Ja no tinke jo grif "dy Piter is in narsist"
Mar asjeblyft nee noait gjin fûgelbekbist
In liuw is in kening, in hazze kin hurd
Sterk is in bear en tûk is in murd
Jo hawwe respekt foar in wolf as in haai
Mar elkenien skyt op it fûgelbekskaai
Ea bin 'k ûntkommen oan de byt fan in slang
Ik kin it har ferjaan al wie ik al wat bang
Mar neffens my is elk bist fan natoere sadist
En ik haatsje it ferskriklike fûgelbekbist
In fûgelbekbist is lilk en dom
As fûgelbekbist kom ik net werom
Ik fyn wol wat út, ik skop wol in rel
Mar ik sil der foar soargje dat 'k baarn yn'e hel
Fûgelbekmantsjes ha fûgelbeklyfkes
Se frije allinne mei fûgelbekwiifkes
En fûgelbekwiifkes dat griist my sa oan
Hear, let my bliuwe in minskepersoan
Want in fûgelbekbist is lilk en dom
As fûgelbekbist kom ik net werom
Ik wurd wol in dief, en oars stek ik ien del
Ik sil der foar soargje dat 'k baarn yn'e hel !
(c) Piter Wilkins