Piter Wilkens - In nij bedriuw lyrics
rate me<b>In nij bedriuw</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Kinst sy noch ús âlde freonen, seachst ek hoe 't de leafde stoar
fjouwer slim fereale steltsjes, en gjinien mear byelkoar
Piebe tref ik soms by 't keatsen, winters is 't myn ridermaat
mar noait mear samar del om kofje en allinne ôfwaaid praat
Wêr binn' sy bleaun ús kameraden, wat koene wy in wille ha
in soad op stap sa mei syn achten, de takomst lake ús sa ta
Ik wol as frou en man, each yn each, gjin harnas, gjin fizier
iepen, earlik, alles sizze, neaken, bleat en wier
myn siden festje, dat bisto, wêr 't ik waarm genôch by bliuw
as frou en man, stiif liif oan liif, begjinne oan in nij bedriuw
Ferjitte sil 'k sy nea ús ploegje, mar wat is der fan bleaun
dy freonskip wie faaks net te stjoeren, mei 't ferline is 't fuortdreaun
'Jim ferkearing, dat wurdt neat', sa ha sy ús faak sein
mar al dy pearkes út dy tiid rûnen stadichoan op 't ein
En ik wol as frou en man, each yn each, tegearre troch de tiid
gjin smink, gjin maskers, gjin toaniel, dat bringt allinne striid
as broek en festje fierder troch, kom jou it noch in triuw
as frou en man, stiif liif oan liif, begjinne oan in nij bedriuw
begjinne oan in nij bedriuw