Piter Wilkens

Piter Wilkens - Ien bier lyrics

rate me

<b>Ien bier</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Tseard is 13 en syn heit is jierdei hjoed

Tseard soarget foar de drankjes en dat slagget goed

de lege fleskes set er moai werom yn 't krat

mar earst wol efkes oan 'e hals, sa docht er dat

mei al dy lytse flutsjes is Tseard wakker yn it spier

ien bier

Tseard is amper 14 jier, 't is sneontemoarn

hy rommet thús de garaazje op, dat kin er skoan

't is simmer en it sintsje skynt, 't is waarm en near

noch efkes dizze kast oan kant, dan is er klear

dan pakt er út it kistje efter op 'e garaazjeflier

twa bier

Tseard is noch mar 15 jier, 't is freedtejûn

hy hat nei 't iten, op 'e dyk syn maten fûn

sy strune troch de buorren, dat is altyd raak

en komme efterom by Hein syn grientesaak

dan pikt er út it magasyn, de doar stie op in kier

fiif bier

Tseard is 16 en hast elke jûn op stap

hy hinget dan oan d' ien en dan oan d' oare tap

wat moat der fan him komme, nee dat wit gjinien

nei syn skoaltiid hat er ek noch noait wat dien

sy sizze dat er drinkt, mar Tseard seit: 'Hielendal net wier!'

tsien bier

Tseard helle syn rydbewiis mei d' earste kear

en ek dat fan 'e frachtwein, it wie samar klear

Jildou fan Hein grienteboer dat waard syn faam

hy krige wurk yn Grou en hat gjin drip mear naam

no op in truck fan Heineken rydt er mei plesier

syn bier

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found