Piter Wilkens - Hoe wiis as ik mei dy bin lyrics
rate me<b>Hoe wiis as ik mei dy bin</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Ha 'k dy ea wol sein hoe wiis as ik mei dy bin
ha 'k dy ea wol sein dit giet sa lang net min
sjoch ik dy dan ha ik it fuort nei 't sin
ha 'k dy ea wol sein hoe wiis as ik mei dy bin
Ha 'k dy ea wol sein do bist de frou foar my
omdat ik altyd noch de kribels krij fan dy
it is by ús noch krekt as yn it begjin
ik wol leauwe dat ik gjin dei sûnder dy kin
Immen hat ea sein it libben is as in see
do swabberst mei, fan it measte gjin idee
it is eb en floed en meigean mei de stream
en hast gelok dan is it krekt in dream
Do hast de pearels yn dyn eagen en de weagen yn dyn hier
ús libben is soms krekt in mearke, mar dit mearke is wol wier
en ik bin wol net sa'n swimmer, mar ik swim sa goed as ik kin
ik bin dyn lytse mearman en do myn seemearmin
Ha 'k dy ea wol sein dat ik it suver hast net leau
dat ik al bliid bin as ik inkeld driuwen bliuw
troch dy wit ik no dat dat samar kin
ik gean nea wer foar it libben op de rin
Ha 'k dy ea wol sein, dy bliuw ik altyd trou
Ha 'k dy ea wol sein dat ik sa'n soad om dy jou
myn wurden binne klisjee, mar oars ha ik gjin
omdat ik eins net sa'n man fan wurden bin
Do hast de pearels yn dyn eagen en de weagen yn dyn hier
ús libben is soms krekt in mearke, mar dit mearke is wol wier
en ik fiel my krekt Neptunus mei syn wetterkeningin
mar ik bin dyn lytse mearman en do myn seemearmin