Piter Wilkens - Henkie Cola lyrics
rate me<b>Henkie Cola</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Henkie Cola giet altyd mei op stap
hy bliuwt mar oan 'e cola, nee it is gjin grap
al myn maten goaie it liif fol bier
mar Henk seit: "Nee!" en laket blier
"Jou my mar cola, dat kin ik better ha"
dus eltsenien neamt him: Henkie Cola
Henkie Cola, sa is er altyd west
op skoalle ek al, sa is er op syn best
mei de auto as op 'e fyts
altyd mar dy cola, nee do krijst 'm wier net lyts
foar Henk is cola alkohaolika
dus eltsenien neamt him: Henkie Cola
Henkie Cola, foar Henkie Cola, cola
Henkie Cola, gjin jus d' orange of wodka
gjin cola mei iis, gjin cola yn 'e miks
allinne mar skjinne cola út in glês en oars mar niks
sjoch 'm stean, wat is er op 't skik
o, do meist wol sizze ús Henk, hy hat in colatik
Henkie Cola stiet altyd foaroan
jout rûntsjes om raak, dat fynt er hiel gewoan
"It is sa 'n fijne gesellige fint"
seit elts dy 't smoar it kafee troch rint, sels is er
gau sêd, slacht gauris in rûntsje oer
dus ik bin Henk syn maat, dat is net sa djoer
Henkie Cola hat in V.W.- bus
rom genôch foar ús en ús freondintsjes
troch drankkotrôles yn waar en wyn
loadst hy ús alle kroegen yn
mei bandsjes fan Klinkhamer yn 't kassettedeck
sa goed as bôle en hartstikke gek
Henkie Cola, mei ús freonskip is it dien
hy is fereale op in hert fan stien
se giet noait út en sit oan 'e Spa
en sy moat fan cola wier neat ha
se hat it Henk al goed ôfleard
hy moat der oan leauwe: Henkie Spa-read!
Henkie Cola, ús bêste freon
do sjochst der sa min út, wat hasto preaun
do giest noait mear mei ús nei Berltsum ta
wêrom wol dyn famke ek dat net ha
pas mar op jonge, dit komt mei dy ferkeard
dit wurdt in oerdoasis Spa-read.