Piter Wilkens - Gjin twadde kear lyrics
rate me<b>Gjin twadde kear</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />It libben is eins krekt in doas Mekano
sa'n bak fol skroeven, moerkes en wat stikjes stiel
do kinst dermei de moaiste dingen bouwe
al is it wol in hiele soad gepiel
salang ast lyts bist wolle sy dy wol helpe
miskien hast, lyk as ik, ek wol in grutte broer
mar der komt in dei dan stiest op eigen skonken
en dan begjint it grutte aventoer
Mei sechtsjin jier doe krige ik ferkearing
it famke wie sa kreas, alles siet der op en oan
mar ik wist foar gjin meter hoe ik it ha moast
as ik wat sei dan hie ik it fuort bedoarn
sy lei in kear de holle op myn skouder
ik pakte har doe beet, joech har in grouwe tút
sy raasde: 'Wat bisto in lytse fiislak'
en myn grutte broer dy naaide mei har út
Do moatst der sels wat fan meitsje
en wachtsje no net al te lang, want aansen kin 't net mear
en watst ek dochst, moatst út en troch ek laitsje
want tink derom, der komt gjin twadde kear
Elk jier waard ik fansels wer in jier âlder
en njonkelytsen krige ik myn libben foar elkoar
mar myn grutte broer dy bleau in maatsje grutter
wie my yn alles krekt in stapke foar
fan skoalle ôf seach ik in prachtich baantsje
as stjoerman op in skip, dêr hie ik altyd al fan dreamd
ik gie derhinne, mar it wie net mear nedich
sy hiene krekt myn grutte broer beneamd
Ien kear is it de earste kear
de earste kear is altyd mar ien kear
ien kear is it de earste kear
dêrnei is it de earste kear net mear
It libben is der net sûnder it deagean
en ferdomd as it net wier is, dit ha ik nea earder dien
it is wol hurd, mar it is perfoarst it bêste
want in lijenswei dy gun ik wier gjinien
myn grutte broer, ik sil dy no mar helpe
want do hiest, doe't ik lyts wie, foar my ek alles oer
do naamst myn froulju en myn doaze Mekano
mar dizze kear stean ik ris oan it roer