Piter Wilkens - Gerryt Sinnema 's Video Terreur lyrics
rate me<b>Gerryt Sinnema 's Video Terreur</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Omke Gerryt hat no video
en hy filmet hiel de regio
ja wy moatte alles sjen
barbeque yn caravan
it is in lust, ús omke 's one man show
Omke Gerryt hat in kamera
en gedraagt him as de maffia
it is dien mei it fatsoen
want ik ha alles tsien kear sjoen
nimmen ûntkomt oan Gerryt 's cinema
Omke Gerryt, video, omke Gerryt, video, omke Gerryt hat in kamera
omke Gerryt, video, omke Gerryt, video, en wy sille nea gjin rêst wer ha
Omke Gerryt mei syn apparatuer
rekorders, kamera obskuer
filmet stikem hiele stikken
efter hagen, efter hikken
en is sels ien grut karikatuer
Omke Gerryt is der altyd by
ek by de berte fan Sytske- Marij
seit tsjin dokter: 'Man ferdwyn!'
en stekt syn kamera der yn
o, omke Gerryt wat in kreamerij
Omke Gerryt is de regisseur
fan syn eigen video terreur
freonen, feestsjes, bleate froulju
sels de rúzje by de buorlju
papparazzi, altyd de primeur
Omke Gerryt waant him 'Hollywood'
en it sil heve, in audysje hjoed
tante Tine yn 'e pronk
as ballarina, brekt in skonk
mar foar in pryske by de TROS is 't goed