Piter Wilkens - Fries om utens lyrics
rate me<b>Fries om utens</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Der sit in man mei oandacht stil te lêzen
in âlde foto en it lietboek yn 'e hân
hy is der wol, mar wol der eins net wêze
hy tinkt mei langstme oan it Heitelân
Dit lân fan romte wie it lân dat him benaude
hy koe him hjir mar net nei 't sin ûntjaan
syn karriêre dêr't hy al sa lang oan boude
frege eins wol om in oare baan
Syn ôfkomst die fertuten alle kearen
want Friezen stean' bekend as trou en tûk
hy besocht syn Frysk aksint wol ôf te learen
mar lies syn alderearste Fryske boek
Fries om utens, kom dochs wer thús, it hie net hoegd om ús
wêrom lietst ús yn 'e steek
Hy waard foaroanman fan de Fryske Krite
yn nostalgy dêr fielde hy him thús
al koe er op it Frysk eartiids wol skite
hy praat no Frysker as de Friezen hjir by ús
En nei de VUT sil er werom as slagge strieman
omdat it Heitelân dochs altyd lûkt
wurde jim dêr lyk as ik ek o sa tryst fan
sa wurdt ús bertegrûn dochs raar misbrûkt
Fries om utens, we ha 't hjir bêst, binne mear honkfêst
want we fine it hjir skoan
Fries om utens, wat wolst no eins, der is neat mis mei Peins
by ús hast it bedoarn
Fries om utens, do krijst ea spyt, bist dyn woartels kwyt
it is dyn eigen stomme kar
Fries om utens, de wrâld fan alear, fynst hjir net mear
no bliuw dêr dan ek mar