Piter Wilkens

Piter Wilkens - Famkes lyrics

rate me

<b>Famkes</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Se hawwe moaie foarmen, nijsgjirrich en rûn

se drage moaie klean en rûke altyd sûn

se bewege sierlik, litte dyn hormoanen rinne

de sjarme is it wapen en stjoert dy oeral hinne

Wat is it moaiste fan de hiele wrâld

wat is it dat dy geande hâldt

wat set dy foar peal en wêrfoar giest troch it fjoer

wat makket dy mâl, wat makket dy poer

Famkes

Ljocht hier of swart, in punk of in tut(te)

slûk hier of krullen of in hynstesturt

wat makket it út, wat docht it der ta

ik bin bliid dat dizze wrâld sa'n protte famkes hat

It lykje hiele keardels, mar se stelle neat foar

se binne fereale, se binne smoar

se hawwe neat te sizzen, jim ha se yn 'e macht

dus sis my famkes, wat is it swakke geslacht?

Us mem is in famke, myn suster is in famke

ús beppe is in famke, ús beppe's beppe ek

de keningin is in famke, ...... is in famke

ús kat is in famke, myn fanke is in famke

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found