Piter Wilkens - Ezel numer ien lyrics
rate me<b>Ezel nûmer ien</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Wie nea earder sa kompleet
sa sûnder lijen, sûnder leed
mar sil myn ûnrêst oait ferdwine
bliuw ik stilstean by 't ferline
Doch somtiden neat ferkeard
fan hiel wat flaters hiel wat leard
mar al ha 'k safolle dien
faak noch ezel nûmer ien
De twadde kear, deselde stien
al wer ezel nûmer ien
ferjit alle preken gau
stek wol wat op, mar lear neat ôf
Seach de moaiste froulju stean
noch folle faker seach ik se gean
se gongen oan myn noas foarby
dus begûn ik wer opnij
It doel is leech, de kâns is grut
mar ik lit him ûnbenut
want ik lis de bal wer breed
faak happe, noait echt ris beet
Deselde stien, de twadde kear
soms wol trije kear of mear
ferjit al dyn preken gau
stek wol wat op, mar lear neat ôf
Jou my romte, jou my tiid
ik wit, alwer itselde liet
beloof dy neat mar doch myn bêst
en dyn waarmte docht de rêst
Dyn sympaty freegje ik net
gjin goed petear, it is al let
lit my ferdwine, wês myn wiif
ferjei it ferline út myn liif