Piter Wilkens - dunsje mei dy lyrics
rate me<b>dûnsje mei dy</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Sis Jitske, sis fanke, skink my nochris yn
Foardat ik wer in nacht yn it tjuster ferdwyn
Ik kom hjir al salang, do kinst my sa goed
En ik wol net wer allinne nei hûs ta gean hjoed
It is slutingstiid en de kroech is al leech
En wat ik dy freegje is wier net sa dreech
De wrâld fan tsjintwurdich, it giet oan my foarby
Mar dat kin ik ferjitte as ik dûnsje mei dy
Sis Jitske myn frijheid, dêrfoar doch ik in moard
Mar myn jild smyt ik altyd as wetter oerboard
De bern hjir se sjogge my as in alcoholist
Mar ik focht foar har frijheid, ik wie in baas masinist
'k Ha de oarloch oerlibbe, it lok lake my oan
Mar myn maten fan eartiids binn' allegeare al ferstoarn
Hege piken, djippe deltes, sa gie dat mei my
En lit my no dûnsje, dûnsje mei dy
Sis Jitske ik ha my noait bûn oan in frou
'k Ha it in pear kear besocht mar ik wie se net trou
Ik ken elke haven, ik ken elke hoer
En krige ik de kâns, dan die ik it grif oer
Do wolst it net leauwe, mar ik wie in tûke jong fint
En ik libbe foar de folle 200 prosint
Ik libbe sa blier en sa rom en sa frij
Mar kom lit my dûnsje, dûnsje mei dy
Sis Jitske, sis fanke, it is om my dat ik hjir kom
Do litst my mar seure, en ik praat soms sa dom
Ik wit it wurdt hurd minder mei't âlde ferstân
Mar draai noch in bandsje en jou my dyn hân
Myn libben hie kleur en it wie lang net min
Mar om hjir fuort te tarjen, dêroan ha 'k gjin sin
Alles wat ik noch ha, o, do krijst it fan my
As ik noch ien kear dûnsje, ja dûnsje mei dy
Sis Jitske sis fanke, skink my nochris yn
Foardat ik foargoed yn it tjuster ferdwyn
(c) Piter Wilkins