Piter Wilkens - Dizze stoarm lyrics
rate me<b>Dizze stoarm</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />It like eartiids krekt in mearke, út sa'n tsjok ferhaleboek
wy wienen it ideale pearke, yn ús wrâldsje sa temûk
wat wisten wy no fan it libben, mar wol o sa eigenwiis
en wy wienen der wakker wis fan, dizze leafde wurdt net griis
Tegearre gauris mei fakânsje, nei Parys of Grikelân
en ek al krigen wy gjin garânsje, wy wisten: dit hâldt ivich stân
wy sieten elke jûn te praten, ik de whisky, do de wyn
symbolyk net yn 'e gaten, ús swarte kat tusken ús yn
En dizze stoarm kinne wy net keare
ús woartels steane yn los sân
kinne gjin twirre mear ferneare
gjin hâldfêst, gjin fêst ferbân
En sûnder dat wy it fernamen, dreaunen wy stadich útelkoar
hieltyd mear ús eigen paden, hieltyd minder troch ien doar
no krij ik fan 't ligen dikke lippen, as ik wer ris sis: 'Ik hâld fan dy'
myn wurden glêd as griene sjippe, do leauwst al lang net mear yn my
En lang om let wurde wy stiller, hawwe noait ris echt mear spul
mar ek noait ris echt mear wille, ek net om de flauwekul
wy prate noait mear oer fakânsje, wolle beide net mear fuort
it giet oer de bern of oer finânsjes, oare siden binne ferskuord