Piter Wilkens - Der tuskenut lyrics
rate me<b>Der tuskenút</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Wy brekke der ris lekker tuskenút
en litt' ús net mear troch de wrâld opjeie
want út en troch moatst mei it libben frije
dan hast ferlet fan mear as mar ien tút
Wy brekke der ris lekker tuskenút
'sabbatical' of 'burn-out', my om 't even
do moatst it libben libje mei wat leven
nee, net sa skruten, smyt it der mar út
Oant oan de teannen fol mei stress
de kop net by de les
dus grypst wer nei de flesse jenever
sûpst dyn soargen fuort
mar dyn bealch giet kapot
wy ha in folle better medisyn
Wy ha fan alles hieltyd mear
dus ek mear gekrimmenear
en wy wurde minder sûn oan 'e lever
en tiid hast noait genôch
dat dan freegje ik my ôf
sis, diele wy ús tiid eins wol goed yn?
O sa lekker yn ús fel
jouwe wy ús oeral del
wy kinne fan gelok omtrint wol sweve
smite alle soargen fuort
goaie alles út 'e strôt
de kop omheech yn wetter, waar en wyn