Piter Wilkens - De Tsiene lyrics
rate me<b>De Tsiene</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />O, wat bisto moai, in skilderij, in plaatsje, in byldsje fan alloai
o, wat bisto moai, al hast op reinich waar, skynber it oktroai
ik bin oan dy ferslingere, ik bin der as ik kin
dan fiel ik my al kening, as ik oer dy rin
noait wat te ferliezen, ik mei it sa graach dwaan
wat kin ik oer dy wâdzje, wat kin ik op dy slaan
en wat der barre sil, do bliuwst wol yn 'e ploai
ja o, wat bisto moai
O, wat bisto sljocht, wa hat dit ea sa wollen, wa hat it sa betocht
o, wat bisto sljocht, do joust ús sa 'n soad wille, do joust ús sa 'n soad nocht
dyn meander is in keunstner, in skientmespesjalist
de skiepkes dyn masseuzes, dyn skepper in stilist
dyn âld en smûk dekor is iennich op 'e wrâld
in stânbyld foar de minsken dy 't stean foar 't ûnderhâld
troch it wetter fan de see bisto hjir ea brocht
wurdst inkeld mar fiede, mei dong en himelfocht
en o, wat bisto sljocht
O, wat bisto grien, mannich held op sokken hat op dat hillich lekken stien
o, wat bisto grien, foar it Sjûkelân yn Frjentsjer hasto nea ûnderdien
ledekeatsen, merke, de tradysjes hâldsto fêst
simmerdeis de drokte, winters yn 'e rêst
smout sa by it doarp, leart elk bern it keatsen skoan
en kin mei grutskens sizze: 'Ik bin in Tsiene- soan'
it Wimbledon fan Marsum, foar my de nûmer ien
sa 'n pronkje fan in fjild, sa 'n fjild hat wier gjinien
tusken autodiken blinkend as in edelstien
o, wat bisto grien