Piter Wilkens

Piter Wilkens - de kening fan de greide lyrics

rate me

<b>de kening fan de greide</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Gjin sleat is my te wiid, ik kin oeral hinne gean

Gjin hek is my te heech, 'k bin in atletysk fenomeen

Ik bin de kening fan de greide fanke

En myn namme is wiid ferneamd

Mei myn polsstôk oer it skouder

Bin ik wêr't eltse frou fan dreamt

Ik ljep oer alle sleatten en fiel my ek yn it wetter thús

Ik ljep oer alle sleatten en fiel my ek yn it wetter thús

Ik rin yn myn bleate bealch en draach in learke foar myn krús

Ik waard fûn troch in âld skiep, se brocht my grut as har eigen laam

Ik waard fûn troch in âld skiep, se brocht my grut as har eigen laam

Sa waard ik de Tarzan fan de skiep, heal man, heal raam

Moarns train ik my de hynders, lekker drave op it sân

Jûns sjong ik yn it koar mei alle fûgels fan it polderlân

Ja, de famkes fan de maneezje, dy ride gauris troch myn lân Ja, de famkes fan de maneezje, dy ride gauris troch myn lân Dan swaai ik wat mei myn polsstôk en se ite út myn hân

Se wie delstoart mei har F-16 en se kloppe op myn doar

As in ingel út 'e himel en jawis ik wie fuort smoar

Se sei "Ik Jane, do Tarzan" en we tuten mei elkoar

Ik kin lêze en ik kin skrieuwe mei alle bisten fan it fjild

Ik kin alle frjemde talen fan it Fean oan it Bildt

Ik bin de kening fan de greide fanke

En myn namme is wiid ferneamd

Mei myn polsstôk oer it skouder

Bin ik wêr't eltse frou fan dreamt

(c) Piter Wilkins

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found