Piter Wilkens - De hik lyrics
rate me<b>De hik</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Yn in smûk ythúske, lekker út iten
it like net sa mâl en ik bin sljocht op reade biten
mar ferrek gjin stoer, gjin sint, 'k wie it jild wer fergetten
en dêr wie de ober al, hy hie my blykber al sketten
hy sei: 'Heeft het gesmaakt', mei sa 'n strange blik
en ik ferslokte my yn it neigesetsje fan de skrik
en ik sei:
Ik tocht by mysels: 'Hoe rêd ik my hjir út?'
'k prate mei hannen en fuotten mar it joech my gjin sprút
in frommes as in lôge sei: 'Hâld op mei dat geklei'
'Lit my mar betelje en kom mei my mei!'
sy pakte my beet en luts my mei oan myn strik
ik fûn it wol wat nuver mar ik kaam frij mei de skrik
en ik sei:
Op elts eagenblik krij ik de hik
it komt altyd ûnferwachts en noait ris mei skik
't is in erflike tik, ja ik bin gauris fan 'e mik
o help, help want ik stik alwer yn 'e . . .
En dêr lei ik dan mei har ûnder in tekken
se sei: 'Sis do mar neat, dan hoechst dy ek net te ferbrekken'
sy wie sa waarm, sa sêft en net skruten
sy wist krekt wat sy woe en ik krig' oeral dikke tuten
sy struts my oeral en joech my hjir en dêr in slik
ik wie der wat mei oan mar ik joech gjin kik
ik sei:
Dus bêste minsken doch mar krekt as dizze jonge
bestel in ein hinne, sûnder pin as pas as ponge
faaks is it lestich, mar foar my net mear sa
kom ik yn swierrichheden, no dan hikkebik ik ta
elts fynt it sneu, mar my jout it in kick
ik doch faak sabeare, ik skik mei de hik
en ik sis: