Piter Wilkens - De Cocktailpolka lyrics
rate me<b>De Cocktailpolka</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Och hoe sil dit komme, och hoe sil dit gean
allegear yn gala en klompen binne ferbean
ús Pier jout wer in feestsje en dit kear giet er fier
in echte cocktailparty, in feestsje sûnder bier
De skuorre is no oanklaaid as wie't in 'Grand-café'
mar it stjonkt hjir noch behoarlik nei it fertroude fee
de jonges fan it doarp dy binne oe sa stoer
dy smite ien, twa, trije, de glêzen efteroer
Och hoe sil dit komme, hy pakt it wer grut oan
de sterke drank is oanfierd, as wie it hiel gewoan
tafels fol mei hapkes, trôgen fol mei chips
en op in âld skoalboerd steane wol 50 cocktailtips
In koarte speech fan Pier foar't it begjinne kin:
"Jim moatte jim mar rêde, der is fuort net te min!"
Och hoe sil dit komme, Pier tocht: "It kin wol sa"
mar de muzikant dy't ynhierd is, moat eins al fersterking ha
bruorren, neven, maten, prate drok en fierste hurd
oer trekkers, kij en froulju en oer hoe't in cocktail makke wurdt
De froulju moatte ride dus dy dogge kalm oan
mar de keardels tinke al lang net mear oan de dei fan moarn
Och hoe sil dit komme, ik sjoch gjin man mear stean
de iene nei de oare besiket út'e wei te gean
sy hingje allegearre siik boppe de sleat
en krûpe dan nei hûs ta yn smoardronken steat
De muzikant is no samar te hearren, it is in Fryske trûbadoer
hy bliuwt as iennich man mei alle froulju oer
de jonges fan it doarp . . .