Piter Wilkens - Daamsliepers (Amsterdam 25-08-1970) lyrics
rate me<b>Daamsliepers (Amsterdam 25-08-1970)</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Sy binne hjir oer en tefolle
de hiele wrâld hat it fernaam
sy hawwe it raar yn ’e holle
dat langhierrige túch op de Daam
sy dogge neat as provosearje
mar binne no wol moai de klos
want sy dy’t it strjitbyld skansearje
dêr huft de Marine op los
Sy prate en blowe en frije
dogg’ fierder de hiele dei neat
at sokken de macht ienkear krije
dan komt it mei dit lân ferkeard
ast net sjen kinst wa’t jonge of faam
wat wurdt dit dan foar in maatskippij?
en at der no al sa’n kloft oer de Daam
dan komt der allinne mar bij
It is hjir dochs ien en al wolfeart
wêrom docht dan dy jongerein sa?
sy bedriigje de gong fan ús rjochtssteat
dêr ’t wy sa foar striden ha
sy ha gjin respekt foar ’t ferline
sy sliepe op in monumint
en troch frjemde ideeën ferbline
binn’ sy dwers sûnder wier argumint
Sy kinn’ gewoan wurk net wurdearje
sy doge net foar in systeem
en dat wat sy mar propagearje
is al like healwiis en ekstreem
frijheid fan seks? wat in lijen!
pasifisme? ’t stjonkt nei anargy
en al har nije politike partijen:
in gefaar foar ús demokrasy!
De hiele wrâld sil it no witte
wy tolerearje gjin opstokelers mear
wy feie sy sa fan de strjitte
mei wat kneppels is dat samar klear
sy binn’ dochs te loai om te fjochtsjen
dy ‘peace, love en hippie’-kultuer
en troch no it skeel sa te sljochtsjen
slaan’ wy net mear in modderfiguer