Piter Wilkens

Piter Wilkens - Country-line lyrics

rate me

<b>Country-line</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Sis ha ik jim wolris ferteld, dat tryst ferhaal fan lytse Jelt

hoe wakker sljocht at dy wol net mei dûnsjen wie

har liif hie ritme fan komsa, hja libbe foar de cha-cha-cha

ja dûnsjen wie it alderleafste dat sy die

sy hie it ek op les besocht, har tango wie net om 'e nocht

al wie it finen fan in partner wol wat dreech

ien tweintich lang en like breed, gjin earm dy paste om sa'n reet

dus bleau it stuoltsje njonken Jeltsje meastal leech

Mar no hat sy it fûn, want elke freedtejûn

rydt ús Jeltsje op har fytske nei De Pein

en sy dûnset dêr as bêste op muzyk fan it Wylde Westen

ja, sy is no hielendal gek fan country-line

Dat foel ynearsten noch net ta, dit wie gjin foxtrot, wals of sa

nee, dit wie wurk dat kaam der echt noch wol op oan

de foet nei links en dan nei foaren, dan itselde mei de oare

wis en wier dat freget om in grut ferstân

mar Jeltsje wie net mear allinnich, fjirtich cowboys om har hinne

en allegear, fan grut oant lyts, yn fol ornaat

dus Jeltsje moast der ek oan leauwe, koe fansels net achterbliuwe

en doe earst mar om in hynder op 'n paad

En no hat sy it fûn, want elke freedtejûn

rydt ús Jeltsje op har hynder nei De Pein

en sy dûnset dêr as bêste op muzyk fan it Wylde Westen

ja, sy is no hielendal gek fan country-line

It grutste part fan Jeltsjes lean gie op oan djoere cowboyklean

in riem, in holster mei pistoal, in Stetson-hoed

in learen broek en learen learzens, swarte bloes, sa'n hiele kreazen

en echte sulveren spoaren oan 'e foet

dit duorre amper fjouwer wike en doe die it har al bliken

as der yn pearkes dûnse waard dan bleau sy oer

want Sjon dy woe it leafst mei Seije en Clint dy keas hieltyd foar Keije

jim ha wol troch dêrfan wie Jeltsje raar oerstjoer

En al liket it mar krûm, sa gie it elke freedtejûn

yn dat sealtsje by it tsjerkje fan De Pein

want cowboys lykje stoere minsken, mar sy hawwe ek har winsken

foaral as it giet om dûnsjen yn in country-line

Doe op in nacht, it wie yn de winter, trape it hynder yn in splinter

sloech op 'e rin en smiet ús Jeltsje fan 'e rêch

har lêste freon liet har ek stikke, spatte wrinzgjend oer de hikke

syn lange sturt dat wie it lêste dat sy seach

en dit waard Jeltsje slim tefolle, sy lei de lasso om 'e holle

en socht in beam, de alderheechste dy't der wie

sprong manmoedich fan 'e hikke, gûlde smoarend 'potferdikke'

har waarme triennen dripten yn de kâlde snie

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found